Kontrôle op fûgelpest

09 mrt 2003 - 00:00

By alle plomfeebedriuwen yn Nederlân dêr't de bisten nei bûten kinne, wurdt dizze wike ûndersyk dien nei fûgelpest. Yn Fryslân giet it om tsientallen bedriuwen. Ek wurdt der sjoen oft der noch in twadde fûgelpestfirus is.

Fan sneon ôf is ek it ferfier ferbean fan dong en brûkt struisel fan mingde bedriuwen dy't plomfee hâlde. Dat betsjut dat dy bedriuwen ek gjin dong útride meie, omdat hinnedong dêr yn kontakt komme kin mei oare dong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)