Kontrôle op ferfwurk skippen

15 mrt 2011 - 22:23

De gemeente Súdwest Fryslân sil de kommende tiid yn de wykeins miljeukontroleurs op paad stjoere om wettersporters yn de gaten te hâlden. Doel is foar te kommen dat it miljeu skea oprint fan de kluswurksumheden oan de boat. Foardat de skippen wer te wetter gean wurdt de ferve fan de romp skjirre of skrabe. Omdat dêrfoar miljeubelêstende ferve brûkt wurdt, moat foarkaam wurde dat ferveresten yn it wetter of de grûn telâne komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)