Kontrôle op ferbod aaisykjen

06 mrt 2001 - 00:00

De plysje helpt op dit stuit de Algemiene Ynspeksjetsjinst (AID) mei it kontrolearjen oft minsken har wol hâlde oan it ferbod op aaisykjen.

De AID hat it smoardrok mei allerhande kontrôles op it mêd fan BSE, it ferfiersferbod fanwege tongblier en it ferbod om op kabeljou te fiskjen op de Noardsee. Dêr komt it ferbod op aaisykjen no noch by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)