Kontrôle op autogordels

18 apr 2007 - 11:50

De plysje hat yn de earste moanne fan de kampanje 'Gordel om' alvehûndert boetes útdield oan minsken dy't de autogordel net om hiene. De kontrôles binne yn de hiele provinsje en duorje noch oant mids maaie.

De plysje sjocht foaral nei de feilichheidsmiddels foar bern. Yn maart 2006 binne nije regels ynfierd foar bernesitsjes yn de auto. It persintaazje Friezen dat de gordel om hat is heger as yn de rest fan it lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)