Kontrôle oanhingweinen op A32

14 mrt 2009 - 12:51

Op parkearterrein De Weeren by Wolvegea lâns de A32 hat de plysje freedtemoarn in kontrôle útfierd op oanhingweinen.

Yn totaal 14 automobilisten krigen in bekeuring, omdat bygelyks de ferljochting net goed wurke of dat bestjoerders net yn it besit wiene fan it goede rydbewiis om mei in karre te riden. Ek waard troch de plysje advys jûn oer it riden mei in oanhingwein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)