Kontrôle oanhingweinen op A32

15 jun 2014 - 12:57

Tweintich autobestjoerders hawwe sneon in bekeuring krige by in ferkearskontrôle op de A32. De plysje stie op twa parkearplakken tusken It Hearrenfean en Wolvegea. It aksint fan de kontrôle lei op oanhingweinen.

Der waarden boetes útskreaun foar stikkene ferjochting of foar útstekkende of los lizzende ladings. Yn oare gefallen wie de karre te swier beladen of wiene de remmen net goed. De kontrôle wie sneontemoarn tusken healwei njoggenen en healwei ienen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)