Kontrôle ljochtmêsten oan A6

14 jul 2014 - 16:36

Rykswettersteat begjint moandeitenacht mei de ynspeksje fan ljochtmêsten oan de A6 tusken Almere en De Lemmer en op de Ofslútdyk. De oanlieding foar de ynspeksje is it ôfrinnen fan it ûnderhâldskontrakt. Der wurdt ûnder oare besjoen oft de ljochtmêsten noch genôch ljocht jouwe en noch stevich stean.

By de kontrôle moat it ferkear rekken hâlde mei it ôfsluten fan rydstroken en soms fan op- en ôfritten. Rykswettersteat docht de ynspeksjes mei opsetsin nachts, sadat it ferkear der sa min mooglik lêst fan hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)