Kontrôle lâns waadkust bliuwt

10 feb 2009 - 17:02

De dûane sil kontrolearjen bliuwe lâns de waadkust. De Europese Unie seach de Waadsee earst net as Europeeske grins, dêrom soe de noardlike dûane ferdwine. No't de Waadsee wol as grins sjoen wurdt hâlde 55 wurknimmers yn it noarden harren wurk.

Fan de fiif kontrôleposten bliuwe der twa oer, ien yn Harns en ien yn Delfsyl. Fryske kontroleurs ferhúzje fan Ljouwert nei Harns, dêr komt in nij dûanekantoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)