Kontrôle kades fanwege droechte

24 jul 2006 - 16:56

Wetterskip Fryslân sil dizze wike 100 kilometer feankades kontrolearje yn it Fryske Marre-gebiet. Dat wurdt dien fanwege it waarme simmerwaar. Dêrtroch droegje feankades gauw út en kinne skuorren ûnstean. Yn 2004 soarge dat yn Wilnis foar in kadebreuk. Om soks foar te kommen wurde seis kontroleurs op paad stjoerd om de kaden goed te besjen.

It giet om 600 kilometer feankades. Dêrfan is no al 137 km ynspekteard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)