Kontrôle kabels nei eilannen

21 apr 2011 - 17:05
  • Foto's: Omrop Fryslân

KPN hat tongersdei kabels en liedings nei de Waadeilannen kontrolearre. Wettertoeristen kinne foar grutte problemen soargje as se it anker útsmite of droechfalle op it Waad. Dan kinne de liedings en kabels yn de grûn stikken reitsje.

Foar de eilanners kin dat grutte gefolgen hawwe. De kabels soargje ûnder oare foar stroom, jild, gas en tillefoanferkear. Sadwaande wurde se om de safolle tiid geregeld kontrolearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)