Kontrôle identiteitskaarten

11 sep 2009 - 10:04

De plysje sil strenger kontrolearje op misbrûk fan identiteitskaarten troch jongeren. It komt hieltyd faker foar dat jongeren dy't net âld genôch binne foar de kroech, deryn besykje te kommen mei in identiteitsbewiis fan in oar dy't wol âld genôch is.

It bart ek wol dat se de identiteitskaarten ferfalskje. As se dêrop betrape wurde, krije se in proses-ferbaal, hat de plysje ôfpraat mei it Iepenbier Ministearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)