Kontrôle: hûndert fytsers sûnder ljocht op It Hearrenfean

25 okt 2015 - 10:51
  • Plysje

De plysje hat sneontenacht in grutte fytskontrôle hâlden op It Hearrenfean. Dat barde yn gearwurking mei Veilig Verkeer Nederland. Hast hûndert fytsers hiene gjin ljocht op 'e fyts. Sy krigen gjin boete, mar koene by meiwurkers fan Veilig Verkeer Nederland in foar- en achterljocht keapje. Twa fytsers woene net meiwurkje. Se waarden dêrom wol op de bon slingere.

In autobestjoerder krige in boete omdat de APK ferrûn wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)