Kontrôle by fjoerwurkbedriuwen

24 des 2002 - 00:00

Fjouwer grutte fjoerwurkhannelers binne moandei op feilichheid kontrolearre. By trije bedriuwen, yn Ljouwert, op De Jouwer en yn De Pein wie neat oan de hân.

By in bedriuw op De Lemmer wie tefolle fjoerwurk opslein mei de klassifikaasje 1.3. Der lei 13 ton opslein yn de bunkers, wylst fiif ton tastien is. Tsjin de eigner fan it bedriuw is, yn oerlis mei it Iepenbier Ministearje, proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)