Kontrôle fan lytse fleantugen

07 jun 2015 - 10:26
  • It fleanfjild yn Drachten

By kontrôles fan lytse fleantugen binne sneon in pear tekoartkommingen fêststeld. Under oare op it fleanfjild fan Drachten is kontrolearre. Ien fan de fleaners koe net de fereaske papieren sjen litte en oaren hiene net al it nedige guod by har.

De kontrôles binne útfierd troch de plysje en de Inspectie Leefomgeving en Transport. Se binne bedoeld om it belang fan in goede tarieding fan de fleaners ûnder de oandacht te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)