Kontrôle fan krystfersiering

21 des 2002 - 00:00

De brânwacht fan Tytsjerksteradiel hat by in kontrôle fan horekagelegenheden gjin gefaarlike situaasjes oantroffen. Der waard sjoen nei krystfersiering, needútgongen, brânblussers en it tal besikers. Ien needferljochting wie stikken en ien brânblusser oer datum. Der is noch in kontrôle.

Earder dizze wike moasten de kristlike legere skoallen yn 'e gemeente de krystbeammen fuorthelje foar de feiligens. Dêr kaam wjerstân tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)