Kontrôle drankgebrûk jeugd

28 jun 2007 - 10:14

Fryske gemeenten moatte meidwaan oan in lanlike proef om drankgebrûk by jongeren better te kontrolearjen. Dat wol de PvdA-Steatefraksje. De provinsje hat him op oantrunen fan de partij oanmeld fan in proef.

Der sil stranger kontrolearre wurde op de âldens fan bern dy't alkohol keapje. De grins wurdt ferhege fan 16 nei 18 jier. De Steateleden fine dat mear ûndersyk nedich is nei alkoholproblemen by jongeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)