Kontrôle briedende see-earnen

21 mrt 2011 - 16:54

Steatsboskbehear en de plysje sille de kommende tiid ekstra surveillearje yn it Lauwersmargebiet. Sa moat foarkommen wurde dat it nêst fan in spantsje see-earnen fersteurd wurdt.

Moandeitemoarn wie der in reguliere fûgeltelling en de see-earnen wiene drok dwaande om in nêst te bouwen. Se fertoanden ek baltsgedrach. Ferline jier wie it span ek al yn it Lauwersmargebiet. Se hiene doe wol aaien lein, mar dy binne net útkaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)