Kontrôle brânfeilige krystbeam

17 des 2002 - 00:00

Tytsjerksteradiel fynt in echte krystbeam net brânfeilich en sil kommende wike skoallen, kafees en tsjerken kontrolearje. It PCBO yn de gemeente fynt de aksje nuver, sa krekt foar de Krystdagen.

De ynstellingen binne ferline wike oanskreaun mei it boadskip dat alle krystfersiering brânfeilich wêze moat. Nei de brân yn in kafee yn Volendam twa jier lyn binne de regels stranger wurden, mar se wurde net goed neilibbe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)