Kontrôle-aksjes op It Fean

05 okt 2007 - 10:59

De plysje op it Hearrenfean hat dizze wike by ferskate kontrôle-aksjes mear as trijehûndert bekeuringen útskreaun. Tiisdei binne yn ferskate wenwiken snelheidskontrôles holden. Ek is kontrolearre op fytsferljochting.

Woansdei binne njoggen hennepkwekerij yn Hearrenfean en Eaststellingwerf ûntmantele. De grutste kwekerij waard fûn yn Easterwâlde. Dêr binne 1100 planten en de apparatuer yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)