Kontrakt mei Seubers opsein

31 jan 2003 - 00:00

De gemeente Boarnsterhim seit mei yngong fan 1 maart it kontrakt mei taksybedriuw Seubers fan Zweeloo op. It bedriuw die sûnt oktober it WVG-ferfier, mar de kwaliteit dêrfan leit neffens B en W net op it fereaske nivo.

It is noch net dúdlik hoe't it handikapte- en âldereinferfier fan 1 maart ôf regele wurdt. Yn it ferline fersoarge taksybedriuw Boekema ditsoarte fan ferfier yn Boarnsterhim.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)