Kontrakt mei projektûntwikkeler Drachtsterfeart diels opsein

01 maaie 2015 - 15:43
  • Drachtsterfeart

Smellingerlân hat it kontrakt mei Vastgoed Noord Ontwikkeling en Realisatie (VGN) foar de ûntwikkeling fan bougrûn by de Drachtsterfeart foar in part ûntbûn. De projektûntwikkeler soe syn ferplichtings net neikomme, wat betsjut dat it net avensearret mei it wenryp meitsjen fan de wenwyk.

De gemeente hat mei in oare partij it besit fan VGN oernaam. De finansjele posysje fan de projektûntwikkeler en memmebedriuw Wind Holding is sa min dat Smellingerlân der gjin betrouwen mear yn hat.

De gemeente besjocht noch oft it jild dat Smellingerlân al kwyt is, ferhelle wurde kin op De Wind Holding.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)