Kontrakt mei keetjongerein

25 feb 2009 - 00:01

Ek yn Achtkarspelen wol de gemeente de sûpketen oanpakke. Jongeren dy't sa'n sûpkeet iepen hâlde wolle moatte ynkoarten in kontrakt tekenje.

Der binne tsien regels op papier setten. Ek de âlden fan de bern moatte tekenje. De keten moatte brânfeilich wêze en as der bern binne jonger as sechstjin jier dan mei der gjin alkohol skonken wurde. De gemeente wol de sûpketen net ferbiede omdat se in sosjale funksje hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)