Kontrakt MCL en Tjongerskâns

30 nov 2013 - 07:28
  • De Tsjongerskâns op It Hearrenfean

Sikehuzen MCL yn Ljouwert en de Tjongerskâns op It Hearrenfean hawwe nei lang praten in kontrakt sletten mei de Friesland soarchfersekerder. It MCL sil har ûntwikkelje as in topklinysk sintrum foar komplekse soarch en de Tjongerskâns rjochtet har benammen op de basissoarch.

De Friesland hat no mei alle Fryske sikehuzen in kontrakt. Earder waarden al ôfspraken makke mei de Sionsberg, Nij Smellinghe en it Antoniussikehûs yn Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)