Kontrakt Markusse ferlingd

02 jun 2014 - 13:53
  • Aris Ljouwert

De Ljouwerter basketbalklup Aris hat it kontrakt mei Jesse Markusse ferlingd. De center tekene in kontrakt foar in jier, mei opsje op noch in jier.

Markusse is de tredde spiler dy't by Aris tekene. Earder waard al bekend dat Dexter Hope en Tjoe de Paula by de Ljouwerter earedivisionist bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)