Kontrakt jeugdsoarch net klear

02 nov 2014 - 11:52
  • Mishanneling

It is Fryske gemeenten net slagge om op 'e tiid kontrakten te sluten mei de jeugdsoarch. Fan 1 jannewaris ôf binne de gemeenten ferantwurdlik foar de jeugdsoarch. De ôfspraken dêroer mei de ynstellings moasten foar 1 novimber rûn wêze. De ôfrûne wike is der drok ûnderhannele, mar dochs wurde de measte kontrakten pas letter dizze wike ûndertekene. Foar 20 prosint fan de soarch wurdt it sels noch in pear wiken letter.

Ek lanlik hat mear as de helte fan de gemeenten de saken net op oarder. Jeugdzorg Nederland is bot teloarsteld dat der pas sa let dúdlikheid is foar de ynstellings. Se hawwe no noch mar in pear wiken om oer te skeakeljen nei de nije situaasje.

Wethâlder Thea Koster fan Ljouwert die de ûnderhannelings foar de Fryske gemeenten begrypt de teloarstelling. Neffens har hawwe de Fryske gemeenten dien wat se koene. Se krigen te let de sifers fan de oerheid en dêrtroch wie ûnder oaren lang net dúdlik hoefolle jild der beskikber wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)