Kontrakt foar Jamiro Monteiro by SC Cambuur

06 okt 2015 - 12:08
  • SC Cambuur

Middenfjilder Jamiro Monteiro spilet de kommende seizoenen yn it giel-blau fan SC Cambuur. Hy sette tiisdeitemoarn syn hantekening ûnder in kontrakt foar twa seizoenen mei in opsje op noch in seizoen.

Monteiro begûn dit seizoen by Jong SC Cambuur ûnder lieding fan Dennis van der Ree en Arne Slot. Hy makke dêr sa'n goede yndruk dat er op 19 septimber tsjin FC Twente útkaam yn it earste alvestal. De middenfjilder spile earder by Sparta Rotterdam, FC Dordrecht (jeugd) en it Dútske Aken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)