Kontrakt boubedriuw Strukton mei soarchsintrum Alliade

19 feb 2015 - 15:13
  • It kantoar fan Alliade op It Hearrenfean

Boubedriuw Strukton sil tenei de technyske ynstallaasjes yn de 300 gebouwen fan soarchgroep Alliade ûnderhâlde. It giet om ynstallaasjes yn soarchsintra, wengebouwen, swimbaden en sporthallen. It kontrakt is foar fiif jier ôfsletten.

Neffens Alliade kin mei it kontrakt fleksibel ynspile wurde op feroarings yn de soarchfraach. Boppedat sil Strukton soargje dat der minder stroom ferbrûkt wurdt, benammen yn de grutte soarchsintra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)