Kontrôle op te hurd riden

18 jul 2012 - 17:23

De plysje hat woansdei op trije plakken kontrolearre op te hurd riden. Op de Legedyk yn Skearnegoutum ried 9 persint fan de auto's hurder as 80 kilometer. Hast 30 autobestjoerders kinne dêr in boete ferwachtsje. De fluchste hie dêr 109 op de teller. In oare kontrôle wie yn Heech. Dêr stie de plysje te kontrolearjen op de Alde Skatting. Dêr mei ek mar 80 riden wurde, mar 7 persint fan de kontrolearre auto's gong de fout yn. Der wie ek in kontrôle op de Rigedyk yn Aldegea. Dêr wiene wat minder oertredings. Sa'n 4 persint ried te hurd.

De plysje stie op de trije plakken, om't der klachten kaam wiene oer te hurd riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)