Kontrôle by kickboksgala

29 jan 2012 - 14:35

De plysje hat sneon foar en ûnder it kickboksgala yn Ljouwert kontrôles hâlden. Der is sjoen nei te hurd riden en iepensteande skulden by de belestingtsjinst. Op de N383 by Marsum rieden sa'n 900 minsken te hurd. Tweintich bestjoerders rekken it rydbewiis kwyt. Ien persoan moast syn auto ynleverje om't er 224 kilometer op de teller hie, wylst 100 tastien is. De belestingtsjinst kontrolearre 2230 bestjoerders. In lytse hûndert minsken moasten noch in skuld betelje. De heechst iepensteande foardering wie 98.000 euro.

In lytse tweintich auto's binne yn beslach naam. Twa persoanen binne oanhâlden om't de plysje nei har op syk wie. De Fryske plysje krige stipe fan kollega's út Drinte en Grinslân en de ferkearstsjinst fan de KLPD.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)