Konteners yllegale merkklean

30 des 2011 - 10:36

De plysje hat tongersdeitejûn yn Ljouwert in grutte partij nepklean yn beslach naam. De aginten wiene nei de Bleekleane gien om't der mooglik yllegaal fjoerwurk opslein wie. Yn stee fan fjoerwurk fûnen se twa folle konteners mei neimakke merkklean.

De ynhâld fan de konteners is oerdroegen oan de stifting REACT. Dy bestiidt de hannel yn yllegale merkklean. Sy kleie in 52-jierrige ynwenner fan Stiens oan foar ferfalsking fan merkprodukten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)