Konteners fûn yn Noardsee

13 feb 2006 - 10:20

Rykswettersteat hat yn de Noardsee boppe Skylge 18 konteners fûn dy't ôfkomstich binne fan it frachtskip P&O Mondriaan. De konteners lizze yn de drokke farrûte boppe de Waadeilannen. Yn opdracht fan rederij P&O Nedlloyd wurde se troch in bergingsbedriuw út it wetter helle.

Mei-elkoar binne der tongersdei 58 konteners oerboard fan it skip slein. Alve dêrfan binne oanspield op it strân fan Skylge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)