'Kontenerproblemen oplosse'

25 maaie 2010 - 22:08

De gemeente Dantumadiel sil foar alle strjitten dêr't problemen binne mei it opheljen fan hússmoargens in passende oplossing betinke. Dy belofte die wethâlder Bos tiisdei oan de leden fan de doarpsbelangen yn de gemeente.

Yn ûnder oare De Westereen, Feanwâlden en Broeksterwâld moatte minsken hûnderten meters mei harren kontener rinne om him by de dyk te setten. Dongeradiel en Dantumadiel ha nije jiskeweinen krigen en dy kinne net yn smelle strjitten komme

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)