Kontenerbrânen yn Drachten

19 okt 2006 - 10:24

De plysje stelt in ûndersyk yn nei brânstifting yn seis ôffalkonteners yn Drachten. In plysje seach woansdeitejûn dat der twa konteners yn 'e brân stiene oan de Uthof. Hy warskôge de brânwacht en dy koe it fjoer útmeitsje.

In tsjûge melde dat er nei de brân twa jonges sjoen hie. De plysje hat noch nei se socht, mar koe se net fine. Letter wiene der noch in tal kontener- brânen, oan de Raai en de Middelwyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)