Kontener Andinet lekt giel guod

22 jan 2004 - 00:00

Bergers besykje tongersdei de twadde fergifkontener benoarden Flylân boppe wetter te heljen. Ut de kontener dy't woansdei optakele is, lekt in giele substânsje. Yn de konteners sitte 210 fetten mei arseenpentokside. De konteners sloegen heal desimber by in stoarm oerboard fan it skip de Andinet.

De berging wurdt lange tiid bemuoilike troch it minne waar op de Noardsee. Miljeuoarganisaasjes warkôgje foar in grutte ramp foar it Waadgebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)