Kontaktburo psychiatrysk pasjint

12 des 2004 - 17:19

Psychiatryske pasjinten krije help fan in bemiddelingsburo as se in relaasje of freonskip wolle. Dizze wike wurdt der foar har in spesjaal relaasjeburo mei de namme 'Samenspel' iepene. Dit relaasjebemiddelingsburo yn Ljouwert is neffens de betinkers hurd nedich.

Minsken mei in psychiatryske achtergrûn binne faak iensum wylst se wol ferlegen sitte om leafde en freonskip. Gewoane bemiddelingsburo's kinne hast gjin partner fine foar dizze minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)