Kontakt boargers en bestjoer

13 sep 2000 - 10:29

'Ah, kent skele ju...!' Mei dy gjalp wol de gemeente Ljouwert mei har boargers yn petear. It doel is om it bestjoer tichter by de minsken te bringen.

Yn in televyzjedebat op 28 septimber yn Theater Romein kinne bewenners oan de hân fan stellingen mei bestjoerders prate. It debat wurdt rjochtstreeks troch de lokale omrop útstjoerd. Fia ynternet kin ek 'chat' wurde: www.kentskele.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)