Kontainer op sinne-enerzjy

13 feb 2013 - 11:14

Ljouwert krijt twa ûndergrûnske smoargenskontainers dy't draaie op sinne-enerzjy. It giet om saneamde parskontainers foar restôffal. Sa kin Omrin fjouwer kear mear ôffal kwyt en hoege der minder kontainers pleatst te wurden. It parsen fan it ôffal bart troch de enerzjy dy't fia de sinne opwekt wurdt. De kontainers komme yn de wiken Bilgaard en Nijlân te stean. Yn it sintrum fan Ljouwert steane al fjouwer sokke lytsere ôffalbakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)