Konsumintebûn: "Húsdokters binne net altiten goed berikber"

10 apr 2015 - 11:07
  • Húsdokter

Ien op de trije húsdokters foldocht net oan de berikberensnoarm fan de Ynspeksje foar Sûnenssoarch. Neffens dy noarm soene pasjinten binnen twa minuten ien oan de tillefoan krije moatte as se de praktyk belje. It Konsumintebûn hat ûndersyk dien nei de berikberens en derút docht bliken dat dat yn lang net alle gefallen goed is.

Bart Maats, foarsitter fan de Fryske húsdoktersferiening, fynt de noarm fan de ynspeksje achterhelle. Húsdokters hawwe der de ôfrûne jierren safolle taken by krigen dat de noarm fan 2 minuten net langer helber is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)