Konsultaasjeburo's bliuwe

25 feb 2011 - 15:29

De konsultaasjeburo's yn Achtkarspelen bliuwe foarearst allegearre iepen. Dat hat de gemeenteried besletten. Sân fan de tsien soene ticht omreden fan de kosten. De ynwenners fersetten har tsjin de sluting en de gemeenteried wie it ek net mei de plannen iens.

De buro's bliuwe no iepen en dat kostet de gemeente dit jier 90.000 euro. Dat jild wurdt helle út it gemeentlik budzjet foar de frijwilligerssintrale. Dêr wurdt op besunige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)