Konsultaasjeburo 50+ súkses

29 mrt 2008 - 10:24

It konsultaasjeburo foar 50-plussers yn de gemeente Menameradiel is in grut sukses. Alderen kinne dêr harren sûnens teste litte. Yn it Griene Krúsgebou yn Berltsum wurdt ûnder oare sjoen nei kondysje, de bloeddruk, de hertslach en it itenspatroan. Freed 11 april is it foar de fjirde kear. De belangstelling is sa grut, dat it konsultaasjeburo al folboekt is.

50-plussers dy't no net oan bar komme, moatte wachtsje oant 7 novimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)