Konstruksje-ynspeksje Ljouwert

03 jul 2003 - 00:00

De gemeente Ljouwert sil dizze dagen tsientallen publike gebouwen yn de stêd ynspektearje op konstruksjeflaters. De gemeente docht dat yn opdracht fan it ministearje fan VROM.

Dy wol wite oft de daken wol sterk genôch binne om alle reinwetter te dragen. Ljouwert folget dêrmei It Hearrenfean en Snits dy't al earder har gebouwen kontrolearren. It feroarjende klimaat is oarsaak fan tal fan gefallen fan wetterskea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)