Konst:Grinzer krityk te betiid

25 jun 2014 - 13:28

Deputearre Konst fynt dat Grinslân te betiid is mei de krityk op nije Fryske wynmûneparken by de grins fan Grinslân. Fryslân hat plannen foar trije nije wynmûneparken net fier fan Zoutkamp en krekt bûten Bûtenpost. Deputearre William Moorlag fan Grinslân fynt dat de provinsje Fryslân syn buorlju ynformearje moatten hie oer dy plannen.

Deputearre Konst kin him de krityk wol foarstelle, mar leit út dat soks te betiid komt. It bestjoerlik oerlis is pas nei de ynventarisaasje fan alle wynmûneplannen troch Fryslân foar de Wyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)