Konst: Wynmûneplannen falle ta

27 nov 2012 - 18:20

Deputearre Hans Konst seit dat de beswieren út de provinsje tsjin de trije grutte wynmûneparken basearre binne op ferkearde gegevens. Yn de MER-rapporten stiet it maksimale oantal wynmûnen oanjûn, om de skea te berekkenjen. It is dêrmei net sein dat der ek safolle wynmûnen komme, seit Konst. Der moatte, yn oerlis mei de belutsen gemeenten, wynmûneparken makke wurde dêr't bewenners yn partisipeare kinne.

Trije gebieten binne oanwiisd: by de Ofslútdyk del, de trijehoek Boalsert-Harns-Makkum en by It Hearrenfean. It giet om mûnen fan 150 meter heech. De krityk fanút de gemeenten Súdwest-Fryslân en Hearrenfean giet deroer dat de grutte wynmûnen net yn it lânskip passe, en dat de provinsje net goed kommunisearre hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)