Konst: 'Undersyk nei wynmûnen by Ofslútdyk net fan de baan'

14 jan 2015 - 12:46

De provinsje is net ûnder de yndruk fan de wegering fan minister Kamp om net djipgeand ûndersyk te dwaan nei de helberheid fan rigen wynmûnen by de Ofslútdyk del. Sa'n ûndersyk kin samar mear as twa jier duorje. De minister hat tiisdei oanjûn dat er net fan plan is om it plan foar in wynmûnepark by Makkum te ruiljen foar rigen mûnen lâns de Ofslútdyk.

Neffens deputearre Hans Konst betsjut dat net dat er net mear ûndersykje litte wol oft wynmûnen by de Ofslútdyk helber binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)