Konst teloarsteld oer ISU

16 okt 2013 - 20:30
  • Hans Konst

It feit dat der yn it seizoen 2015-2016 gjin inkeld ynternasjonaal reedrydtoernoai yn ús lân hâlden wurdt, is net allinnich min foar Thialf mar foar hiel Nederlân. Dat seit deputearre Hans Konst yn in reaksje op it beslút fan de ISU, it ynternasjonale reedrydbûn.

Dat der gjin grut toernoai op de iiskalinder stiet is pynlik foar Thialf, omdat it iisstadion op It Hearrenfean dan nei de miljoenerenovaasje klear is foar gebrûk. Konst fynt it spitich, mar it is no oan de KNSB om de ISU op oare gedachten te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)