Konst: ferromme oer útspraak

19 mrt 2014 - 16:20
  • Hans Konst

Deputearre Hans Konst reagearret ferromme op de útspraak fan de rjochter oer de bou fan Thialf. De rjochter besleat woansdei dat Ballast Nedam de fernijbou fan Thialf dwaan mei. De rjochtsaak wie oanspand troch trije boukombinaasjes dy't de opdracht misrûn hawwe. Se fine dat de proseduere net goed gien is. De rjochter fage alle beswieren fan tafel. Konst wie benaud foar fertraging, mar dat is no net mear oan 'e oarder. Wol is de deputearre min te sprekken oer de hurde wize wêrop't de rjochtssaak fierd is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)