Konst bliid mei wynmûneplan

25 jun 2010 - 16:44

It plan om de besteande 320 wynmûnen te ferfangen troch 200 hege mûnen is posityf ûntfongen troch de provinsje. It Platfoarm Duorsum Fryslân wol sa mear enerzjy opwekke. Mei de nije mûnen moat de helte fan de Fryske hûshâldens fan elektrisiteit foarsjoen wurde. Dy ôfspraak hat de provinsje ek makke mei it Ryk. Deputearre Hans Konst is dan ek posityf oer it plan.

Der komt foarearst noch gjin konkreet beslút. Earst moat goed sjoen wurde nei in lokaasje foar de hege wynmûnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)