Konserten Rieu net útferkocht

19 aug 2009 - 09:17
  • André Rieu is yn Fryslân noch net sa populêr as yn Limburch

André Rieu sjocht der nei út om yn it lêste wykein fan augustus yn Fryslân te spyljen. De Limburchske fioelist en orkestlieder jout op 28, 29 en 30 augustus trije konserten yn it Thialf iisstadion op It Hearrenfean. It binne Rieu syn earste konserten nei de fakânsje.

Hoe't de konserten der krekt út sjogge, wol Rieu noch net sizze. Dat bliuwt in ferrassing oant it safier is. De konserten binne noch net útferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)