Konserten foar âlderein

10 apr 2012 - 13:43

De âlderein yn de fersoargingshuzen fan soarchgroep Tellens wurdt de kommende wiken traktearre op mar leafst 47 klassike konserten. De konserten binne in inisjatyf fan de stifting Muziek in Huis.

De Stifting haldt ditsoarte konserten al goed tsien jier yn fersoargingshuzen yn de Rânestêd en it is dit jier foar it earst dat se ek Fryslân oandogge. Muziek in Huis jout sa jonge musisy de kâns om te wennen oan optrede foar publyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)