Konsert Folkertsma útsteld

19 jan 2011 - 09:46

It konsert mei muzyk fan Paulus Folkertsma wurdt in jier útsteld. It konsert mei de wurk fan de Fryske komponist soe 28 maaie yn Aldeboarn wêze.

It útstel hat te krijen mei dat der noch gjin tastimming fan de provinsje en de gemeente is om de Boarn ôf te sluten. Boppedat binne op dy dei mear eveneminten yn de omkriten fan Aldeboarn. De organisaasje is benaud dat der minder publyk komt. It is noch net bekend wannear't it no is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)